Yn gearwurking mei de KNZB en mei stipe fan ‘e Provinsje Fryslân en Sportstad Heerenveen kinne wy mei grutskens oankundigje dat yn it wykein fan 5 & 6 july 2025 de Fryslân Open wer de organisator is fan de Iepen Nederlânske Kampioenskippen Artistyk Swimmen foar Masters. Dit kampioenskip wurdt kombinearre mei ús 5e Fryslân Open. It programma is bekend makke en de lotting is plakfûn… dus sjoch ris efkes en sjoch wannear dyn favorite swimme moat! Jo fine ek de resultaten fan de edysje 2023 & 2024 op dizze webside. Op de webside is ek in yndruk fan de sfear te finen.